Site Smellingerlân yn top-10

30 okt 2002 - 00:00

De website fan Smellingerlân heart neffens Webdam by de bêste 10 fan Nederlân. Webdam hifket gemeente-sites op foarmjouwing, tsjinstferliening en ynhâld. Ek de sites fan Hearrenfean en Ljouwert steane noch yn 'e Top 50.

Webdam is min te sprekken oer de sites fan Flylân en Boalsert. Dy hearre neffens de monitor by de alderminste gemeente-sites fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)