Site skipfeartmuseum rint bêst

06 apr 2010 - 11:51

De webside fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat yn in jier tiid acht kear sa folle besikers lutsen. Fan 7000 yn 'e earste trije moanne fan 2009 kaam it op 56.000 yn deselde perioade dit jier.

De groei is neffens direkteur Meindert Seffringa te tankjen oan 'e nije opset fan 'e side. Sa is it no makliker om yn 'e online-kolleksje fan it museum te sykjen. Alle 22.000 objekten dy't yn it museum stean, binne ek werom te finen op 'e ynternetside.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)