Site noch stadich troch drokte

11 jan 2007 - 11:54

De nije website fan Omrop Fryslân wie woansdeitemiddei en tongersdeitemoarn bytiden stadich troch de grutte publike belangstelling. Ek it fernijen fan de website gie stadiger as de redaksje graach sjen soe.

Der wurdt op dit stuit hurd wurke om de website flugger en better berikber te meitsjen. De nije website luts fanôf it earste momint in soad publyk. Doe't de site on-line gie krige de website 10.000 unike besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)