Site homoseksprotest út 'e loft

07 jul 2006 - 16:15

De makkers fan 'e webside www.panykynsintnyk.nl hawwe de site út 'e loft helle. Op de webside wiene auto's mei herkenber kentekenplaat te sjen fan besikers oan homomoetingsplakken oan 'e Tsjûkemar by Sint Nyk.

Bewenners fan Sint Nyk hawwe lêst fan de homoseks en hiene foto's fan auto's op it net set. De gemeente Skarsterlân hat sels ek maatregels nommen om de oerlêst tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)