Site Dongeradiel skoart goed

19 feb 2009 - 10:34
  • De site fan Dongeradiel is ferbettere, fynt Overheid.nl

De nije website fan 'e gemeente Dongeradiel docht it goed yn 'e lanlike ranglist overheid.nl. De site bestiet sûnt desimber. Op 'e lanlike ranglist is er mei 88 plakken omheechgien, nei plak 183.

Foar besikers is it makliker wurden ynformaasje te finen. Fierders kinne no mear saken online regele wurde mei de gemeente. Op 'e site is ek te sjen by hokker oerheidsorganisaasje hokfoar ynformaasje te finen is. Besikers wurde automatysk trochferwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)