Sita op besite by De Skelp

20 apr 2010 - 12:17

Sjongeres Sita is op besite by basisskoalle de Skelp yn Drachten fanwege de Ga voor gezond!-tour. Alle aktiviteiten op basisskoalle de Skelp stean tiisdei dêrom yn it ramt fan sûnens en feiligens. Der binne in soad skoallen dy't har opjûn ha foar dit projekt, mar der binne mar tolve skoallen dêr't de sjongeres del komt.

De Skelp is in skoalle foar bern dy't net goed hearre kinne of taalproblemen ha. Dy bern wurde faak mei de taksy brocht en ha dêrtroch minder beweging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)