Sisa nimt pjutte-opfang Welzijn Middelsee oer

01 jul 2015 - 18:30

De pjutteboartersplakken en tuskenskoalse opfangen fan de Stichting Welzijn Middelsee hawwe in oare eigener. De foarsjennings yn de gemeenten Littenseradiel, Ljouwerteradiel, It Bilt en Menameradiel binne sûnt 1 july oernaam troch Sisa Kinderopvang. Dy waard earder al eigener fan de berne-opfangen yn de gemeenten.

It giet om 70 lokaasjes, mei 90 meiwurkers en in grutte groep frijwilligers. Neffens de nije eigener feroaret der neat foar de bern, dy hâlde har fertroude lieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)