Sirkuswein yn brân

16 jul 2007 - 07:52
  • in brânwacht hellet de sjiraffe oan (foto's: Jaring Rispens)
  • de stoet by Koarnwertersân

By Koarnwertersân op de Ofslútddyk is snein in sirkuswein yn brân flein. It sirkus kaam út Dokkum en wie ûnderweis nei Noard-Hollân doe't de remmen fan ien fan de oanhingweins fêst rûnen. Dertroch ûntstie brân. Yn de wein sieten ûnder oaren in tal sebra's, antilopen en in sjiraffe.

De brânwacht hie it fjoer al fluch ûnder kontrôle en it sirkus koe úteinliks gewoan fierder. Troch de brân ûntstie wol in koarte file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)