Sirkusteater op Skiermûntseach

06 apr 2008 - 10:35

Skiermûntseach stiet fan 1 oant en mei 4 maaie yn it teken fan it sirkusteater. De sirkusteaterdagen binne it grutste iepenloft sirkusevenemint fan Nederlân. Mear as 60 artysten sille optrede op strjitte, yn tinten en yn de natuer.

Der binne ek workshops om jonge minsken sirkusnûmers by te bringen. De sirkusteaterdagen binne in ferfolch op it suksesfolle jonglearfestival fan ferline jier op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)