Sirkus hie al trochgean moatten

12 jun 2003 - 00:00

De gemeente Skarsterlân hat yn 2001 ûnterjochte in tal sirkusfoarstellingen ferbean. Dat hat de Rie fan Steat bepaald. Sirkus Herman Renz soe op 2 en 3 april 2001 komme, mar de gemeente luts de fergunning in wike dêrfoar yn fanwege de tongblier.

Neffens Renz wie dêr gjin reden ta, as de gemeente by it ministearje neifrege hie. De gemeente seit dat dêr gjin tiid foar wie. De Steatsrie fynt no dat de gemeente dêr ûngelyk yn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)