Sirenes net ôfgien

04 apr 2011 - 13:05

De sirenes yn Fryslân binne moandeitemiddei net ôfgien. Op alle earste moandeis yn de moanne wurdt it systeem test. Dat moat Friezen warskôgje as der in ramp is. Moandei hie it alarm om 12 oere ek ôfgean moatten.

Troch in steuring yn de kompjûter dy't de sirenes oanstjoert, slagge dat net. De ferwachting is dat dy kompjûter moandeitemiddei wer makke is. It alarm wurdt dan net ek noch test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)