Sirenes Ljouwert ek oan

06 nov 2009 - 10:40

As gefolch fan it alaarm fan de brânwacht yn Dronryp binne ek yn Ljouwert en op It Hearrenfean sirenes ôfgien. Dat hie net moatten, sa seit de brânwacht. It alaarm jildt foarearst allinnich foar it doarp Dronryp.

By it fabryk fan Friesland Campina oan It Heech is freedtemoarn om 10 oere hinne in slang mei salpetersoer lossketten fan in tankauto. As gefolch dêrfan driuwt in wolk fan dat soer rjochting doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)