Sirenes gean ôf yn Dronryp

06 nov 2009 - 10:33
  • Foto: Jaring Rispens

By it ynsidint yn it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp hawwe him gjin persoanlike ûngelokken foardien. Dat seit wurdfierder Ria van der Peet fan Friesland Campina. By it ynsidint is in slang lossketten fan in tankwein mei salpetersoer, sa seit de brânwacht.

As gefolch fan it ynsidint lit de brânwacht de sirene yn it doarp ôfgean. De brânwacht advisearret minsken om yn 'e hûs te gean en doarren en ruten ticht te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)