Sirene luchtalarm bliuwt oeren lang hingjen

02 mrt 2015 - 15:18
  • (foto-ympresje)

In sirene fan it luchtalarm hat moandei oeren lang foar oerlêst soarge yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. De sirene stiet op it terrein fan in basisskoalle oan de Galamastins. Nei it testen fan it luchtalarm, flak nei tolven, woe de sirene net mear út. De Feiligensregio Fryslân hat der in monteur hinne stjoerd, dy't it apparaat úteinlik út krige hat.

Oarsaak fan de problemen is nei alle gedachten in te lege akkuspanning. Dêrtroch bleau de sirene hingjen. De Feiligensregio docht dêr fierder ûndersyk nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)