Sipke Zijlstra wint Ternaard

16 aug 2008 - 12:14
  • Winner Sipke Zijlstra

Sipke Zijlstra fan Burgum hat freedtejûn de Omloop fan Ternaard wûn. Hy wie yn de einsprint de rapste fan in alve man sterke kopgroep. Johnny Hoogerland fan Yerseke waard twadde, Fokke Postma fan Drachtsterkompenije tredde.

By de earste tsien wiene noch mear Friezen. René Hooghiemster (Oentsjerk) waard fjirde, Theo Postma (Sweagerbosk) fyfde, Fries om utens Johan Procee sechsde en Jan Bos (Nijhoarne) achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)