Sipke Zijlstra nei WK Poalen

13 mrt 2009 - 20:25
  • Sipke Zijlstra wol nei it WK
  • Wim Stroetinga net

Sipke Zijlstra fan Burgum is troch bûnscoach Peter Pieters opnommen yn de nasjonale baanseleksje foar de wrâldkampioenskippen yn Poalen. De 23-jierrige baanhurdfytser is ien fan de kandidaten foar de nasjonale achterfolgingsploech. It WK is fan 25 oant en mei 29 maart yn Pruszkow.

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap, de lêste twa jier winner fan it sulver op it ûnderdiel scratch op it WK, is net selektearre. Hy rydt dit jier foar it ProTour team fan Milram op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)