Sipke Zijlstra nei Syntec

06 sep 2007 - 12:29

Hurdfytser Sipke Zijlstra stapt ein dit jier oer nei de de Ubbink Syntec formaasje. De 22-jierrige Burgumer kin him by dy ploech better rjochtsje op syn baanambysjes. Zijlstra wol graach nei de Olympyske Spelen takom jier yn Peking op it ûnderdiel achterfolging. Ferline jier waard hy Nederlânsk kampioen by de beloften op dizze dissipline.

Zijlstra fytste de lêste twa seizoenen foar it B & E Koopmans cycling team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)