Sipke mei wyt tsjin Van Wely

26 jun 2003 - 00:00

Sipke Ernst fan Damwâld moat it yn syn earste partij op it NK Skaken opnimme tsjin Loek van Wely, de grutte kânshawwer op de nasjonale titel. Ernst fynt it 'wol lekker' om mei wyt te begjinnen tsjin de op papier sterkste skaker. "Ik bin wol yn foarm en ik sit goed yn myn iepeningen", seit Ernst.

Ernst fynt it wol noflik dat it toernoai yn Ljouwert spile wurdt. "Ik kin gewoan thús sliepe, en dat is ek net ferkeard."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)