Sipke Jan Bousema by AVRO wei

02 mrt 2011 - 11:01

Presintator en Fries-om-utens Sipke Jan Bousema set in punt achter syn karriêre by de AVRO. Hy hat tolve jier lang by de omropferiening wurke. Hy presintearre ûnder oare de programma's Opsporing Verzocht, de Museumbende en Wie is de Mol. Hy wol him no bûten de AVRO ferbreedzje as presintator. Ek wol er mear tiid stekke yn syn eigen produksjemaatskippij SJB Media.

Sipke Jan Bousema sil noch oant 1 july te sjen wêze by de AVRO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)