Sipke Hulshoff en Arne Slot nije assistinten SC Cambuur

12 nov 2015 - 11:00
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat de technyske stêf fan de earste seleksje per direkt fersterke mei Sipke Hulshoff en Arne Slot. Hulshoff hat in kontrakt tekene foar oardel seizoen, Slot bliuwt yn elts gefal oant de ein fan dit seizoen. Technysk direkteur Henry van der Vegt seit op de eigen webside: “Sipke is een zeer kundige trainer en kent bovendien de spelers en clubcultuur goed. Voor Arne geldt min of meer hetzelfde. Hij heeft dit seizoen als trainer van Jong Cambuur laten zien wat hij in zijn mars heeft."

Hulshoff wie yn it ferline jeugdtrainer by FC Grins en haadtrainer fan sneonshaadklasser PKC’83 en Burgum en rûn ferline seizoen noch staazje by SC Cambuur. De 37-jierrige Slot wie as trainer fan de beloften al belutsen by de technyske stêf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)