Sipke Ernst net nei NK

23 jun 2004 - 12:29

Sipke Ernst docht net mei oan it NK skaken yn Ljouwert. De Fryske skaker wie reserve foar in tal Nederlânske skakers op it WK yn Libië. As Sokolov, Van Wely en Tiviakov fier komme soene, koene se takom wike net nei it NK yn Ljouwert.

Mar de skakers binne útskeakele en kinne no wol nei it NK. Sipke Ernst docht wol mei oan it skaakkafee op it NK, in publyksaktiviteit. Yge Visser hat him wol pleatst foar it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)