Sipke Ernst nei NK skaken

07 okt 2001 - 00:00

Sipke Ernst giet nei de Nederlânske Kampioenskippen skaken. Hy hat de twakamp tsjin Jan Werle wûn. De beslissingsmatch tusken beide waard ôfrûne freed en sneon spile. Earder wienen beide as bêste Nederlanner einige, dat dizze wedstriid bepaalde wa't trochgean mocht.

Freed wûn Sipke Ernst en de wedstriid op sneon einige yn remize. It skaakspul wie fia in webcam op ynternet te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)