Sipke Ernst giet nei NK skaken

05 des 2004 - 13:56

Sipke Ernst is de winner wurden fan in skaaktwakamp tsjin Daan Brandenburg. De striid tusken de beide Fryske skakers gie om in plak op it NK skaken.

De 17-jierrige Brandenburg wûn tongersdei ferrassend de earste partij. Ernst wie freed de bettere. Mei beslissingspartijen moast de winner bekend wurde. Sipke Ernst wie de sterkere. It NK wurdt nei alle gedachten yn juny hâlden yn Ljouwert. Ernst waard earder fjirde op it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)