Sipels meie ûnderploege wurde

27 apr 2005 - 10:41

Bouboeren yn Fryslân meie harren foarried sipels út de skuorre helje en ûnderploegje op it lân. Dat hat deputearre Ton Baas moandei besletten.

De priis foar sipels is dit jier dramatysk leech en dêrtroch hawwe in soad bouboeren tonnen sipels opslein yn de eigen skuorre. No't de provinsje tastimming jout om de sipels op eigen lân ûnder te ploegjen, krije de boeren wer romte foar de nije rispinge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)