Sionsberg wol MRI-scanner

06 jan 2004 - 00:00

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum hat plannen foar de oanskaf fan in MRI-scanner. Dat waard moandei bekendmakke op de nijjierstaspraak. De kommende moannen sil it sikehûs op syk nei sponsors en jildsjitters. No wurdt noch de MRI-scanner fan it MCL yn Ljouwert brûkt of der komt ien kear wyks in mobyl apparaat earne oars wei.

In MRI-scanner makket scans fan de binnenkant fan it lichem. De Sionsberg sil ûnder oare in pubyksaksje hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)