Sionsberg: wol goede soarch

05 okt 2011 - 12:19

De Sionsberg yn Dokkum is min te sprekken dat it op de list foar boarstkankersoarch fan CZ stiet. It sikehûs stiet foar it twadde jier op rige op de swarte list fan de fersekerder. Dit betsjut dat minsken dy't by CZ fersekere binne har boarstkankersoarch net mear fergoede krije yn Dokkum.

De Sionsberg distansjearret him fan de swarte list. Se foldogge oan lanlike noarmen fan de ynspeksje. It sikehûs ûndernimt gjin stappen tsjin CZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)