Sionsberg ûnderoan AD-list

14 okt 2004 - 10:03

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum hat it oan himsels te witen dat it sa leech op de AD-list einige is. It Algemeen Dagblad hat in top-100 publisearre fan de bêste sikhuzen fan it lân.

Sionsberg einige ûnderoan de list. Dat komt om't it sikehûs net genôch ynformaasje oanlevere hie oan de webside fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen. De Sionsberg is der wis fan dat it sikehûs mei alle ynformaasje wol heech einige wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)