Sionsberg moat besparje

16 apr 2004 - 00:00

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum ûndersiket hoe't der goedkeaper wurke wurde kin. It sikehûs hat dêr in buro foar ynskeakele. De Sionsberg moat goedkeaper wurkje, fanwege de besunigingen dy't it regear oplein hat.

De finansjele posysje fan De Sionsberg is aardich, mar it is wol nedich om út te sykjen wêr't op besparre wurde kin. Der hoege op dit stuit gjin minsken út, mar it kin net útsletten wurde dat dat yn de takomst wol nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)