Sionsberg kriget 'vaatpoli'

10 des 2012 - 11:15
  • De Sionsberg

It Dokkumer sikehûs De Sionsberg kriget in polyklinyk foar problemen mei de trochstreaming fan bloed troch de ieren. Minsken mei klachten oer bygelyks etalaazjeskonken en wûnen dy't mar net better wolle, kinne dêr sûnt dizze wike telâne om te hearren wat der oan 'e hân is en hokker behanneling nedich is. De Sionsberg hie dy mooglikheid oant no ta noch net.

De nije polyklinyk is it resultaat fan de fúzje tusken it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe en soarchgroep Pasana, dêr't De Sionsberg ûnder falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)