Sionsberg hat eigen MRI-scan

21 nov 2004 - 12:22

It Dokkumer sikehûs Talma Sionsberg sil yn 'e takomst mooglik wer in berop op 'e befolking dwaan at der nije apparatuer komme moat. Dat sei direkteur Pruis fan it sikehûs sneon by it offisjeel yn gebrûk nimmen fan de eigen MRI-scan. Dit apparaat koe kocht wurde tanksij jeften fan 43.000 euro fan minsken út Noardeast-Fryslân.

Trochdat Dokkum no in eigen MRI-scan hat binne der gjin lange wachtlisten en wachttiden mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)