Sionsberg bêste fan Nederlân

29 aug 2007 - 11:23

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is it bêste sikehûs fan Nederlân. Wykblêd Elsevier skriuwt dat nei oanlieding fan eigen ûndersyk ûnder saakkundigen yn de soarch. Ferline jier waard in oar Frysk sikehûs, Nij Smellinghe yn Drachten, noch tredde op de list.

Der wurdt geregeld ûndersyk dien nei de kwaliteit fan sikehuzen en de Fryske sikehuzen skoare altyd ridlik heech. It is foar it earst dat De Sionsberg boppe-oan stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)