Sintrumplan Drachten goedkard

07 apr 2004 - 00:00

De gemeenteried fan Smellingerlân hat tiisdei it grutte opknapplan foar it sintrum fan Drachten goedkard. Yn dat plan komme twa nije parkeargaraazjes. Dan kin de besteande parkeargaraazje oan it Van Knobbelsdorfplein ôfbrutsen wurde. Op dat plak komt dan in wentoer.

De SP is op de parkeargaraazjes tsjin en wol in transfearium oan 'e râne fan Drachten. Winkeljend publyk kin dêr parkeare en mei bussen nei it sintrum brocht wurde. Dat plan helle it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)