Sintrumplan Drachten akkoart

02 nov 2010 - 23:17

In mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân is tiisdeitejûn akkoart gien mei it sintrumplan foar Drachten. De opposysjepartijen binne tsjin, se misse in goeie finansjele ûnderbouwing fan it plan.

It giet om plannen foar in opknapbeurt fan it Raadhuisplein en it bouprojekt Vogelzang. Earder waard bekend dat de plannen trije kear sa djoer wurde as earder tocht. Der wie rekkene op 2,4 miljoen euro, mar it waard 6,8 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)