Sintrumcross tenei yn desimber

07 jan 2010 - 21:56
  • It poadium fan ferline jier mei winner Lars Boom

It is foar de organisaasje fan de Sintrumcross yn Surhústerfean hieltyd dreger om topkoereurs nei Fryslân te heljen. Dy binne net beskikber om't se nei har nasjonale kampioenskip in koarte fakânsje ha. Dêrom hat de organisaasje it beslút naam om de cross yn desimber te hâlden.

Gefolch is dat de cross dit jier twa kear hâlden wurdt: takom wike woansdei stiet de edysje fan dizze winter op it programma en ein desimber wurdt de edysje fan takom winter ferriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)