Sintrum Surhústerfean autoleas

30 mrt 2003 - 00:00

It sintrum fan Surhústerfean wurdt kommende sneon ôfsluten foar autoferkear. It giet om in proef fan in heal jier. Der waard al jierrenlang oer diskusjearre yn it doarp. Undernimmers binne benaud dat der minder minsken komme sille te boadskipjen.

Freedtejûns en sneons de hiele dei is de Kolk, fan de Grinzerstrjitwei ôf, ferbean foar auto's. Healwei de proef sil der in enkête hâlden wurde ûnder it winkeljend publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)