Sintrum Sint Nyk opknapt

03 jul 2011 - 16:14

It terrein fan it eardere suvelfabryk yn Sint Nyk is opnij ynrjochte. Der is in appartemintekompleks boud en in sûnenssintrum. Inkeld in stik fan de âlde skoarstienpiip mei in buordsje mei ynformaasje docht noch tinken oan it fabryk dat yn 2000 slute moast.

It fernijde terrein is sneon feestlik iepene. Doarpsbelang hat lang striden foar it opknappen fan it terrein fan De Takomst yn it sintrum fan Sint Nyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)