Sintrum Seksueel Geweld iepene yn MCL Ljouwert

22 sep 2015 - 11:41
  • Poster fan it Centrum Seksueel Geweld yn it MCL

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt tiisdei it Sintrum Seksueel Geweld iepene. Yn dat sintrum kinne slachtoffers fan seksueel geweld alle foarmen fan soarch krije dy't se nedich hawwe. De inisjatyfnimmers tinke dat de slachtoffers dan flugger en better herstelle en ek faker ree wêze sille om oanjefte te dwaan.

Op it stuit dogge yn it jier mar inkelde tsientallen slachtoffers oanjefte, mar neffens de eksperts is dat mar it topke fan de iisberch. In grut part fan de slachtoffers docht noait oanjefte.

De inisjatyfnimmers hoopje dat troch in bettere opfang en begelieding mear slachtoffers oanjefte dwaan sille.

It Sintrum Seksueel Geweld (CSG) yn it MCL is it fyfde fan Nederlân. Letter dizze moanne wurde ek noch sintra iepene yn Grins en Emmen. It CSG hâldt rekken mei in pear slachtoffers yn 'e wike. Dy krije tenei in case-manager dy't harren de help jout dy't se nedich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)