'Sintrum Harns moat op 'e skep'

15 okt 2004 - 09:35

De ûndernimmingsferiening fan Harns, de HOV, wol dat der sa gau as mooglik begûn wurdt mei de werynrjochting fan it Harnzer sintrum. Twa jier ferlyn waard der mei in soad bombaarje in takomstfyzje presintearre. Mei dêryn ûnder oaren it idee om fan de Grote Bredeplaats wer in plein mei terraskes te meitsjen.

Mar no docht bliken dat dêr sûnt de tiid neat mei it plan dien is. En it is de fraach oft der wol jild foar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)