Sintrum foar bern mei handicap

18 aug 2008 - 11:03

Sirkus Witova begjint in aktiviteitesintrum foar bern mei in beheining. It sintrum komt yn in âlde winkel neist de besteande lokaasje fan Witova yn Hallum. De bedoeling is dat it sintrum yn jannewaris losgiet.

It earste jier sil brûkt wurde as testjier om te sjen fan wat foar aktiviteiten krekt ferlet is. De gemeente hat al fergunning jûn foar it sintrum. Witova krijt ek stipe fan ´e provinsje. Neffens it sirkus is it aktiviteitesintrum unyk yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)