Sintrum Dokkum wer fraai mei renovearre brêge en kademuorren

09 des 2015 - 15:08
  • Wethâlder Pytsje de Graaf iepenet renovearre Koornmarkt yn Dokkum

It wurk oan de Koornmarkt yn Dokkum is klear. De brêge De Lytse Piip is ferfongen en de kademuorren binne renovearre. Betonrot hie der foar soarge dat de brêge en de muorren yn minne steat wienen. Troch it autoferkear drigen se te fersakjen.

Begjin dit jier waarden de muorren noch oerein hâlden mei houten balken. Pas yn septimber is de oannimmer begûn mei it wurk, sadat de simmereveneminten der gjin lêst fan ha soenen. Woanseitemiddei hat wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel de Koornmarkt offisjeel weriepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)