Sintrum Burgum wurdt opknapt

05 feb 2014 - 15:52
  • Tongersdei set de nijbou fan it sintrum yn Burgum útein

De plannen foar it opknappen fan De Markt yn Burgum kinne fan it simmer definityf los. De provinsje stekt goed 750.000 euro yn de plannen en dêrmei is de finansiering rûn. De gemeente wol it sintrum fan Burgum opknappe om de regiofunksje te fersterkjen. Der komme nije parkearplakken en ek wurdt nij grien oanbrocht. Boppedat komme der laadpeallen foar elektryske auto's en sinnepanielen foar ferljochting en wetterfiltering. Hoe't it plan der krekt út komt te sjen, wurdt de kommende tiid oerlein mei de ûndernimmers en doarpsbelang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)