Sintrum Bilgaard 'fytsfreonlik'

19 sep 2004 - 15:09

Winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert is it meast fytsfreonlike winkelsintrum fan de stêd. It winkelsintrum hat dy titel sneon krigen fan de ôfdieling Fryslân fan it Fytsersbûn. Op de ruten fan de winkels ha leden fan it bûn stickers plakt.

It sintrum ûnderskiedt him fan oare winkelsintra troch de goede fytsestalling. Minpuntsje is wol dat de fyts yn de stallings net maklik mei in slot fêstset wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)