Sintrum bernemishanneling MCL

28 nov 2011 - 14:39

Bernemishanneling sil hurder oanpakt wurde. Dêrfoar binne twa nije multydissiplinêre sintra foar bernemishanneling opset. Ien fan dy twa is moandei iepene yn it MCL yn Ljouwert.

Dit jier binne der yn Fryslân 1100 gefallen fan bernemishanneling melden. Lanlik wurde alle jierren 119.000 bern mishannele. De oanpak wie oant no ta bot fersnippere. Dat moat mei it nije sintrum better wurde. Bernemishanneling wurdt troch dokters en soarchynstellings noch net faak genôch melden by justysje. No't der mear gearwurke wurde sil, feroaret dat. Alden dy't in bern mishannelje, wurde gauwer oanpakt en probleemhúshâldings krije earder help tawiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)