Sintrale As tusken Dokkum en De Westereen no offisjeel iepen

28 sep 2015 - 12:24
  • Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Pytsje de Graaf by de offisjele iepening fan it earste stik Sintrale As

It noardlike part fan de Sintrale As is moandeitemoarn offisjeel iepene. Om 12 oere mochten de earste auto's oer de dyk tusken Dokkum en De Westereen. Foar Noardeast-Fryslân moat de dyk fan 184 miljoen euro in soad foardielen opsmite: in bettere berikberens en sadwaande mear ekonomyske mooglikheden.

De rest fan de Sintrale As, fan De Westereen nei Nyegea, wurdt takom jier iepene.

Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel diene de offisjele iepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)