Sintrale seeferkear op Skylge

13 maaie 2009 - 12:45
  • De Brandaris ferliest syn funksje, der komt in seeferkearsintrale

Op Skylge is woansdei it kontrakt foar de bou fan de nije seeferkearssintrale ûndertekene. Fanút dy sintrale moat alle skipfeart yn it hiele Waadgebiet mei kamera's yn 'e gaten hâlden wurde.

No dogge minsken op de fjoertuorren fan Skylge en Skiermuontseach dat. De sintrale komt yn de seefeartskoalle op Skylge. Yn 2011 moat de sintrale mei de nijste radarapparatuer de skippen yn de gaten hâlde. Der komt earst in perioade fan in jier dêr't beide systemen yn fergelike wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)