Sintrale As opnij yn steaten

28 apr 2012 - 08:55

Der komt in boargerinisjatyf oer de Sintrale As. It giet om in goedkeapere fariant en ien dy't better foar de natuer is: twabaans. Freed wie der in benefytkonsert yn De Westereen om de lêste hantekens binnen te heljen. It totale tal hantekens is no útkaam op 2249.

Tal fan Fryske artysten kamen op it poadium en songen foar sa'n 150 minsken yn de seal. Dat smiet noch 500 hantekens op. Der moasten mei-inoar 1500 hantekens komme. De Sintrale As moat dus opnij yn provinsjale steaten behannele wurde.

Fiif âld-steateleden fan GrienLinks, CDA, D66, FNP en PvdA binne mei in alternatyf plan kaam en organisearren de aksje dy't ôfsletten waard mei de jûn yn De Westereen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)