'Sintrale As op goede plak'

13 apr 2006 - 14:30

Ynwenners fan Dongeradiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel lykje it yn grutte halen iens te wêzen mei it foarkarstrasee fan de Sintrale As sa't dat der no leit. Dat die woansdei bliken op in gearkomste yn Dokkum mei leden fan Provinsjale Steaten.

Fan de trettjin ynsprekkers wiene der tsien foar en trije tsjin it trasee. Der wie rekken holden mei sa'n 200 besikers, wylst der mar in 70 minsken op ôfkamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)