Sintrale keuring Frysk hynder

12 sep 2014 - 10:55
  • Keuring Fryske hynders yn Drachten

De top fan de Fryske hynders is dit wykein te besjen op de Sintrale Keuring yn Drachten. Yn it kongressintrum komme likernôch trijehûndert hynders by-inoar út binnen- en bûtenlân. It is it belangrykste evenemint foar Fryske merjes.

De dei begjint mei in keuring fan fôltsjes, De keurings binne belangryk, mar ek de ûnderdielen dressuer en túchhynder krije hietyd mear omtinken. By de keurings binne sjueryleden opfallende ferskinings mei harren bolhuodden. Sy hawwe de wichtige taak om út te meitsjen oft it om in tophynder fan it Frysk ras giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)