Sintrale As fuortdaliks 4-baans

15 nov 2006 - 10:15

De Sintrale As wurdt fan 2007 ôf fuortendaliks as fjouwerbaansdyk oanlein. En net, lykas earst de bedoeling wie, as in twabaansdyk. Dat ha Deputearre Steaten besletten. De nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei kostet sa'n 235 miljoen euro.

As je de dyk earst twabaans meitsje en letter ferbreedzje nei fjouwerbaans, kostet dat 30 miljoen euro ekstra. De nije autodyk wurdt mei 7,25 meter wol wat minder breed as de bedoeling wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)