Sintrale As feroaret net

logo de Sintrale As

Deputearre Sietske Poepjes tinkt net dat de plannen foar de Sintrale As noch feroarje sille. Se sei dat nei oanlieding fan de plannen fan fiif âld-steateleden. Dy hawwe mei twa arsjitekten in alternatyf plan foar de nije dyk makke. Harren plan folget foar in grut part deselde rûte as it provinsjale plan, mar is 50 oant 100 miljoen euro goedkeaper.

De deputearre wol it plan serieus besjen, mar tinkt net dat de provinsjale plannen noch feroarje sille. Der is noch gjin ôfspraak makke mei de opstellers fan it alternative plan.

Deputearre Poepjes

Besjoch ek...

19 mei 2012 - 11:09
18 mei 2012 - 17:46
11 mei 2012 - 16:31
9 mei 2012 - 10:02
28 apr 2012 - 08:55

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl